Dyk fan in Wiif
It oer-Hollânske lânskip mei har nije strakke polders, molke-yndustry, jirpels en woartels ynspirearre Nynke Brokke om dêr eat mei te dwaan. De keunstneresse wol de “gleone” ritichheid fan de natuer wer weromjaan oan dit yndustrieel agrarysk lânskip. Rûne foarmen yn in letterlik “dykliif” like har in moai kontrast mei de trochstrings rjochte, strakke diken, wylst de kultuer fan de grutte trochploege fjilden freget om ekstra omtinken foar biodiversiteit foar fûgels en ynsekten. Sa sjocht Nynke in dyk fol fan passy foar har geasteseach, in dyk dy’t optilt fan krûden en gerzen. In Hof fan Eden foar ynsekten.
Dyk fan in Wiif- Mem Ierde
Yn it grutte, wide Fryske polderlânskip, parallel oan de strakke Seedyk, riist in grut, lizzend lichem op oerdutsen mei krûden en gerzen. It is echt grut; ûngefear 60 meter lang, mei in heup- en skouderhichte fan 8 oant 12 meter; as in gleon foarme dyk. Har “ fruchtbere” foarmen referearje oan it boulân, dat klear leit foar in rike rispinge.
Dyk fan in frou leit as in Oerfrou, in Gaia (mem ierde en fan it libben), yn it grutte Fryske polderlânskip op de mem fan alle diken: de Slachtedyk. Mem Ierde is de rykdom fan ferskaat. Har wiere aard is mearkleurich, mannichfâldich en oerfloedich. In voedende, beskermjende oerfrou.
De begroeiïng yn it byld tsjinnet ek in ûndersyksprojekt nei hoe’t diken yn Nederlân duorsumer en biodiverser sied wurde kinne. “Lit it byld lineêr tinken útdaagje.” De strakke, rjochte linen fan it ferpakte kultuerlânskip deromhinne hearre dêrom ek by it byld foar de keunstner. It algemiene besef dat wy de boaiem net trochgean kinne foar ús fiedselfoarsjenning, nimt ta. Ferskaat yn akkerbou, wêrtroch ekosystemen effisjint gearwurkje kinne, wurdt hieltyd mear ûntwikkele. Krekt as yn ‘e foargeande ieuwen joegen minsken har liifoffers om Mem Ierde te earjen, is ‘Dijk van een Wijf’ in oade oan dy Oerfrou. De boarne fan it bestean.
Dit ûndersyk barde yn gearwurking mei: Van Hall Larenstein, Radboud universiteit, gemente Waadhoeke, Provinsje Fryslân, Bouwbedrijf Dijkstra Draisma en Cyril Liebrand van EurECO Ecological Consulty.
Oer de foarm
Dyk fan in Wiif leit útstrekt op har side. Sy is yn harsels keard. De foarmen komme as in natuerlike wulving omheech út de grûn en de hâlding is yn rêst, ûntspannen. Har antlit is keard nei de ierde. It is krekt as of sy omheech komt út har sliep. De wikseljende lingte fan krûden en gerzen, op de hûd fan it byld, sil grif ynfloed ha op de foarm. It sil de kontoeren sêfter meitsje of krekt hurder en rûner.
De wulpse foarmen fan Dyk fan in Wiif ferwize nei it boulân, dêr’t iten ferboud wurdt. De keunstner wol de brave fariaasje yn de natuer werombringe yn it agraryske lânskip. Har Gaia is in beskermfrou foar it lân, in Demeter. It stânbyld bedekt mei in mingsel fan lânseigen krûden en gers, ûnderstreket de wearde fan rike biodiversiteit. Krekt sa’t strakke diken as seebarriêre foar feiligens tsjin it wetter soargje, is ‘Dijk van een Wijf’ in feilige haven foar ynsekten en dus fûgels yn it troch monokultuer dominearre boulân.
Oer de lokaasje
Dyk fan in Wiif wurdt realisearre yn ’e buert fan Easterbierrum. It strakke, rjochte karakter fan de polder en ek it dito karakter fan de artifisjele seewarring biedt de dyk it goede kontrast en is dêrom in perfekte lokaasje. De grutte skaal fan it lânskip lit it dyk-byld net botse mei har omjouwing; yn stee fan in reuzin te wêzen, krijt sy krekt yn dit lânskip wer in minskelike maat. Foar toeristen op de fyts dy ‘t de Fryske Noardkust besykje, biedt de lokaasje in rêstpunt om fan ôf de seedyk Dyk fan in Wiif te bewûnderjen.
Oer Nienke Brokke
It byldzjend wurk fan keunstner Nienke Brokke hat altiten in ferheljend elemint. De stúdzje teäter- foarming oan de Rietveldakademy hat dêroan bydroegen. Sa as it yn it teäter hiel faak in “Gesamtkunstwerk” is, wurket Nienke graach mei meardere keunstdissiplines dy’t yn ’e mande ien gehiel foarmje. Troch dy ferheljende kant ûntwerpt Nienke Brokke neist landart en teäter-dekors ek ûnderwiisprojekten. Dêryn kin sy goed ynhâld mei in keunstdissipline ferbine. It landart-projekt “Dyk fan in wiif” wie har ôfstudearprojekt op de Rietveld-akademy yn 1997. Wy wurkje der hurd oan om it projekt no yndie te realisearjen.
Locatie: Oosterbierum.