Nieuws - Sense of Place

Nieuws

Nieuws

Kontakt


Thumb

Stilstân is foarútgang

Oer Sense of Place

Sense of Place, oprjochte troch Joop Mulder (1953-2021), is in kulturele ûntwikkelingsorganisaasje dy’t leaut dat keunst in krêftich ark is om minsken te ferbinen mei harren omjouwing, bewustwêzen te kreëarjen en by te dragen oan in duorsume en leefbere takomst foar it Waadgebiet. Sense of Place fersterket de unike kwaliteiten fan dit gebiet mei fisuele keunst- en ûntwerpprojekten. Tegearre mei ynwenners en it lânskip fertelle wy it ferhaal fan it Noarden troch dizze projekten. De skiednis fan it gebiet en syn ynwenners, it lânskip en de takomst.

Sense of Place makket hjirmei de unike wearden fan natuer, lânskip en kultuerhistoarje fan it bisûndere UNESCO wrâlderfguod Waadgebiet sichtber foar in breder publyk. De regio kriget hjirmei tagelyk in ekonomyske en sosjaalmaatskiplike impuls. Sense of Place nimt somtiden sels it inisjatyf mar mear noch stipet sy initiativen fanút de lokale mienskippen.

De projekten hawwe respekt foar de kultuer en natuer fan it gebiet en fertelle it ferhaal fan de lokaasje en it lânskip. Se jouwe it plak dêrmei oanlûkingskrêft en betsjutting: a Sense of Place.


Organisaasje

Sense of Place is in stifting mei in bestjoersmodel. In netwurkorganisaasje dy ’t by in fraach/fersyk/opgave sykjen giet nei ferbining en/of de krekte útfierjende persoanen of organisaasjes. Ek bestiet de mooglikheid self projekten te inisjeren. Dêrneist wurkje we yn opdracht.

Bestjoer (ûnbetelle) Valerie van Leersum (foarsitter), Wendy Gooren (vice-foaritter/penningmeester), Anke Bijlsma, Marc van Vliet, Ruud Reutelingsperger(sekretaris)  en Esther Kokmeijer.

Deistich bestjoer Wendy Gooren en Ruud Reutelingsperger

Sense of Place wurket mei in grutt groep ZZP-ers en hiert dizze yn nei it jildende taryf op de merke.

ANBI
Sense of Place heeft de ANBI status.

activiteiten verslag 2020
activiteiten verslag 2021
activiteiten verslag 2022
activiteiten verslag 2023


Support Sense of Place

Sense of Place wurket gear mei it lânskip en al dyjingen dy’t dêr hearre. Dat resultearret yn projekten dy’t frij tagonklik binne. Alles wat wy yn ruil freegje is dat jo dizze plakken mei oandacht besykje en jo eigen gefoel fan plak belibje.

As jo ​​mear bydrage wolle en kinne, is in finansjele bydrage tige wolkom. It lit ús it lânskip in stim jaan en syn ferhalen fierder iepenbierje.


Make

Keunst – lânskipskeunst- wurket as katalysator foar sawol de kânsen as de opjeften dêr’t gebiet foar stiet. Sy fersterket ommers de skientme en de oanlûkingskrêft fan de kuststrook. Sy generearret besite en omtinken, fersterket de ekonomy en fergruttet de leefberens. Sy fertelt de bewenners en besikers it ferhaal fan de Waadkust. Makket harren bewust fan it lânskip en de natuer: de potinsje en de kwetsberheid. Sy soarget foar diskusje, set oan ta neitinken, ferbynt partijen en mienskippen en makket de útdaging taastber. Dêr binne al moaie foarbylden fan realisearre. Der binne al in protte partijen, fan Rykswettersteat oan ’t lokale doarpsbelangen, dy’t har op de ien of oare wize dwaande hâlde mei it lânskip foarm te jaan. By in gebietsûntwikkeling is it dêrom fan belang dat de “keunsten” in yntegraal ûnderdiel foarmje fan de planûntwikkeling. Sense of Place wol him de kommende jierren sterk meitsje om dit belang út te dragen en ûnderdiel te wurden fan plan- en/of projektgroepen.