De Streken

De Streken is in houten tij-objekt fan byldzjend keunstner Marc van Vliet. Men kin by it keunstwurk komme fia in 150 meter lange fuotgongersbrêge. Dizze ynstallaasje op it Waad is permanint yn beweging troch de dynamyk fan eb en floed. It tij soarget, op elts momint fan de dei, foar in oare belibbing. As it eb wurdt, is de ynstallaasje in ferstille plak op it Waad en is de eachopslach nei bûten rjochte. Komt de floed op dan fynt men himsels midden op it wetter werom, dan sjocht men nei binnen en is men part fan it libbene wetter.

Dizze tij-ynstallaasje is net in solitêr keunstwurk, mar makket diel út fan it lânskip sa fier as it each rikt. It twingt ta refleksje oer jins eigen plak yn dit gehiel. De Streken wurdt  realisearre yn gearwurking mei Oeral en is op dit stuit opnij te sjen op Skylge. De ynstallaasje moast earder fanwege grutte stoarmskea ôfbrutsen wurde. Yn de nacht fan tiisdei 6 july foelen in súdwesterstoarm en springtij gear mei as gefolch dat de ynstallaasje swier skeint rekke. De minske wikt, mar de natuer beskikt.

Mei de kennis fan hjoed de dei is in semy-permaninte ferzje makke dy’t heger is en stabyl genôch om elts jier trije moannen stean te bliuwen.

Oer Marc van Vliet

Byldzjend keunstner, teätermakker, foarmjouwer. ‘s-Hertogenbosch, 1961. Overschild, Grins. Autodidakt yn ferskillende dissiplines. Begûn as foarmjouwer. De ôfrûne 17 jier foaral bekend wurden troch lokaasjefoarstellings en ynstallaasjes fan de teätergroep Tuig. Sy ûnderskiede troch it mjuksjen fan byld, beweging en lûd. De lêste jierren leit de klam op lânskippelike ynstallaasjes.

De Streken is oant 11 septimber te sjen. Elts jier – o/m 2026 – wurdt it yn juny opnij opboud op it eilân.

Lokaasje: De Dijk oan de Perkweg, Easterein Skylge.