Wêr’t wy foar stean.
Sense of Place is in kulturele ûntwikkelorganisaasje dy ‘t troch middel fan keunst- en ûntwerpprojekten it unike karakter fan it Waadgebiet ferbyldzje en fersterkje wol. Yn ‘e mande mei in grut tal hjirby belutsenen fertelle wy it ferhaal fan it Noarden. It binne faak rike, út ferskillende lagen besteande prosessen mei in protte ferantwurdlikheden, wêrby alle partijen, de makkers, de bewenners, de opdrachtjouwers en it lânskip, op grûn fan lykweardigens gearwurkje. Dit manifest tsjinnet as hânfet en ynspiraasjeboarne foar alle partisipanten. Om te ynformearjen, te prikeljen en te stypjen by it meitsjen fan plannen en it realisearjen fan projekten.