Bruno Doedens

Bruno Doedens (1959) studearre oan de Akademy fan Boukeunst te Amsterdam, spesjalisaasje Lânskipsarsjitektuer. Yn 1990 wint hy de basispriis Prix de Rome – Lânskipsarsjitektuer. Yn 1993 rjochtet hy mei Maike van Stiphout it buro DS op dat de ynternasjonale priisfraach foar twa parken op de Potzdammer Platz yn Berlyn wint. Beide parken binne realisearre. Yn 2005 giet Doedens selsstandich fierder, sûnt 2007  û.o. as inisjator en artistyk lieder fan Slem. By al syn projekten stiet neist deskundichheid en ambacht de ferbylding sintraal. De fassinaasje  om ”it ûnmooglike wier te meitsjen” oars sein “om fan wetter wyn te meitsjen”  én de oandacht foar de langere termyn en de sosjale en kulturele wearden, slaan foar master op.                                                                             Foar mear ynformaasje Bruno Doedens

Bosk