Linette Raven

Linette Raven is fotograaf. Minsken, erfgoed en blommen binne de haadûnderwerpen yn it wurk dat Raven inisjearret en ûntwikkelet.
Linette wol minsken ynspirearje om wer nei elkoar en de omjouwing te sjen. Linette sjocht fotografy mear as in ambacht dan allinnich mar in moaie foto. Se fotografearret ticht by de hûd, sawol letterlik as figuerlik. Linette siket yn har wurk nei nuânses dy’t de portretten ynhâld en betsjutting jouwe, en dy’t har nedich binne om meilibjen mei de ferhalen fan de portrettearre persoan. Utdrukkingen, emoasjes en urginsje binne taastber. Al har bûtenportretprojekten wurde meastentiids begelaat troch lûdynstallaasjes en ynterviews.
Linette Raven sit sûnt 2018 yn Amsterdam mei har atelier.

Bildtstars en Eigenheimers