Leven onder aan de dijk

Hoarizonbreed en himelheech is it libben yn Blije.

Yn it neijier fan2018 naam Sense of Place, yn gearwurking mei terpdoarp Blije, dy mei lâns de Waadkust. Mei Blije as poadium liet “Libje ûnder oan de dyk” fan 10 oant en mei 30 novimber hoe’t de minske en de see al iuwenlang oan elkoar weage binne. Oan de iene kant is de see hearsker, oan de oare kant bout de minske – mei man en macht-  oan in libben op oanwûn lân. Hoe libbe men iuwen ferlyn lâns de prachtige, mar ûnferbidlike Waadkust? Wat kinne de bewenners ús fertelle oer it hjoeddeistich libben ûnder oan de dyk? En hoe sjocht de takomst der neffens de saakkundigen út? Mei in sjarmant program bea “Libben ûnder oan de dyk” foar elts wat gaadliks en kaam men mear te witen oer dit prachtige stikje Fryslân. In dyk fan in projekt!

Blije ekspo rûte

  • We wolle ús klaai werom + bodemvondsten omgeving Blije
    St. Nicolaaskerk, Voorstraat 3, Blije
  • Gezichten van de Waddenzee
    Dorpscafé De Tap, Hoofdstraat 3, Blije
  • Bodemvondsten omgeving Blije + informatiepunt Sense of Place
    Kleine Lijn, Stationsweg 29, Blije
  • Maquettes van Alex van de Beld
    Schuur Griet Drost en Douwe van der Weij, Zwarteweg 11, Blije
  • Culturele landschapsontwikkeling door Bruno Doedens en Landaanwinning door Harry Feenstra
    Schuur familie Broersma, Farebuorren 31, Blije
  • De projecten van Sense of Place met preview Bildstars & Eigenheimers
    Schuur familie Andringa, De Hoarnen 4, Holwerd

Lokaasje: Blije
Te besykjen: hat west

Waadkustfoarum: trije ynspirearjende meet-ups

  • De ûntwikkeling fan it lânskip

Dûk yn de wûndere wrâld fan lânskipsûntwikkeling mei lânskipsarsjitekt Adriaan Geuze en Joop Mulder. Geuze hat tal fan prizen wûn mei syn ynternasjonale ûntwerpen en stiet bekend om syn útsprutsen miening oer it fol bouwen fan it iepen lânskip yn Nederlân. Less is more, fynst ek net?

Datum: hat west
Tiid: hat west
Lokaasje: St. Nicolaastsjerke, Voorstraat 3, Blije

 

  • De minske oan de kust

Hokker sosjale en maatskiplike ynfloed hat it libben ûnder oan de dyk op de bewenners? Wat is de relaasje tusken minske en kust? Yn ’e mande mei Jouke van Dijk (Waddenacademie), Sjak Papma (Vitale Waddenkust), Max van Gils (Waddengemeenten) en Tjitske Andringa (Doarpsbelang Blije) sille wy it libben lâns de dyk neier besjen.

Datum: hat west
Tiid: hat west
Lokaasje: St. Nicolaastsjerke, Voorstraat 3, Blije

 

  • Klimaatferoaring op it plattelân

Under dizze meet-up sille wy ús ferdjipje yn de gefolgen fan klimaatferoaring op boerebedriuwen en de lanlike omjouwing. Lokale boeren en eksperts as Titian Oterdoom (Programma naar een Rijke Waddenzee) en Tineke de Vries (LTO Noard en Potato Valley) prate dy by oer aktuele tema’s.

Datum: hat west
Tiid: hat west
Lokaasje: St. Nicolaastsjerke, Voorstraat 3, Blije

Film

Locatie: Voorstraat 3 9171 LT Blije.