Gemalen Verhalen
Yn it Fryske Lânskip lizze hûnderten, miskien wol mear as tûzend wetterwurken. Gemalen, slûzen en slúskes, oerrinnen, remmingswurken, steigers en kaden, brêgen en gean sa mar troch. In tal tsjinnet om it opperflaktewetter en de grûnwetterstân op peil te hâlden. En it binne krekt dizze keunstwurken, dy ‘t foar in protte minsken “ûnsichtber” skine te wêzen, om’t sy foar it each sa gewoan binne. Wat kin dêr no foar aparts oan wêze?
Dêr bringt Sense of Place , yn gearwurking mei Wetterskip Fryslân en Visit Wadden, feroaring yn. Mei help fan in audiorûte nimme wy jo mei op ûntdekkingsreis lâns in tal fan dizze Fryske wetterwurken. Mei jo tillefoan of tablet as gids ûntdekke jo it DNA fan ús moaie provinsje – op de fyts of yn de auto.
Lit jo liede De gemalen en oerrinnen fertelle it ferhaal fan it lânskip yn it Noarden en de mienskip dy ‘t hjir ûnskiedber mei ferbûn is. Wy, Noarderlingen, dy’t fan Hollân Nederlân makke hawwe en in wize fûnen om op de boaiem te leven. Yn de tiid fan seespegelstiging en klimaatferoaring is dit tema mear dan ea relevant en fertsjinje dizze wetterwurken in poadium. In spotlight. Dat dogge wy middels: Gemalen Fertelle.
De earste fyts- en auto-rûte is in feit: Fan Furdgum nei Marrum en werom rjochting Rie. Ûntdek, mei help fan de audioferhalen, de bysûndere krêft fan alve wetterwurken yn dit gebiet. Dûk ûnder it wetteropperflak wêr’t fisken migrearre. Beklim de dyk om te sjen op hokker wize skiep ek harren wurk dogge. En gean tebek yn de tiid. Jo kinne dan leare hoe’t doarpsbewenners gearwurken om drûge fuotten te hâlden.
Besjoch en belúster de rûte online
Troch op it ikoantsje op de rûte te klikken begjint it audiobestân ôf te spyljen.
Lingte rûte: +/_ 50 km.
By de ferskate lokaasjes steane pealtsjes mei dêrop in QR-Koade. Scan de koade mei jo tillefoan of tablet en lês of belústerje it ferhaal oer de oanbelangjende lokaasje fia de webside fan Visit Wadden. Jo fine dêr ek mear ynformaasje oer de keunstner dy ‘t it ferhaal ynsprutsen hat.
Earbetoan oan Joop Mulder
Gemalen fertelle is ien fan de lêste projekten dêr ‘t Sense of Place-oprjochter Joop Mulder, foar syn ûnferwachts ferstjerren, oan wurke hat. Joop fûn it wichtich om ûnsichtbere helden fan ús lân de oandacht te jaan dy ’t hja fertsjinnen. Hy hat dan ek mei ynmoed oan dit projekt wurke.
Om de rûte persoanlik te meitsjen en Joop te earen hawwe wy alve keunstners frege de ferhalen yn te sprekken. Elts fan har hat yngeand gearwurke mei Joop en moaie projekten realisearre foar Sense of Place:
Terpen en Zoden door Jan Ketelaar
De Dijk door Sophie Doeland
Verzilting door Nienke Brokke
Gras en Schapen door Esther Kokmeijer
Visvriendelijk door Theun Mosk
Zicht op Zee door Arjen Boerstra
Klimaatverandering door Ruud Reutelingsperger
Sluis Ouwe Syl door Alex van de Beld
Sluis Alde Leie door Linette Raven
Waterbeheersing door Marc van Vliet
Bodemdaling door Rob Sweere
Dit projekt waard mei mooglik makke troch Provinsje Fryslân
Illustraties: Leonie Castelein
Locatie: Camstrawei 18 8852 RH Firdgum.