Arjen Boerstra
Arjen Boerstra makket ynstallaasjes, filmkes, foto’s en optredens op spesifike plakken.
Boerstra (1967) wennet yn Den Horn en wurket yn Grins.
Hy helle syn bachelorstitel yn 1993 oan de Keunstakademy Minerva yn Grins.
It wurk fan Arjen Boerstra bestiet út in miks fan struktueren, ynstallaasjes, happenings, foto’s, fideo en performance. Hy begon al jong modelboaten en fleantugen te meitsjen, húskes te bouwen en allerhanne omdoarmen yn de natuer.
Op syk nei de iepensinnigens fan dy tiid, en as oantinkenseksperimint, makke er út syn jeugd oan it begjin fan syn keunstnerskip in rekonstruksje fan de souderkeamer. Dit waard it útgongspunt foar projekten dêr’t persoanlike oantinkens, histoaryske feiten en ûntdekkingen op in prachtige wize meiinoar ferweve.