Moving Landscapes
Moving Landscapesis in reizgjende eksposysje besteande út seis lânskipswurken dy’t it perspektyf fan de taskôger manipulearje, reitsje en stjoere. De wurken noadigje út ta in nije ûntdekkingsreis troch it lânskip en in frisse eachopslach op it Waad.
De besteande ynstallaasje Camera Batavia fan Arjen Boerstra is de spil en ynspiraasje fan it projekt. Dêr om hinne is in groep keunstners, gjin ûnbekenden fan Oeral en Sense of Place, útnûge om fiif nije wurken te kreëarjen. Dit binne wurden: “Level” fan Bouke Groen, “Tumbling in Time” fan Sofie Doeland, “Here We Are” fan Theun Mosk, “Draaiing” fan Hart van Veen en “Luw” fan Firma Kluit.
Moving Landscapes op Oeral Skylge: 14 juny oant en mei 23 juny 2019
Moving Landscapes op it Dútske Waadeilân Föhr: 29 july oant en mei 29 septimber 2019 yn it kader fan it 10-jierrich jubileum fan Museum Kunst der Westküste. Mear ynformaasje en in handige kaart mei de lokaasjes van de wurken is hjir te finen.
Moving Landscapes is realisearre troch Sense of Place, yn ko-produksje mei Oerol en it Museum Kunst der Westküste en Oerol.
Locatie: 25938 Alkersum.