Susanne Luurs
Susanne Luurs (1994) is in byldzjend keunstner dy’t de ynfloed fan minsklike karren en hanneljen op de ierde ûndersiket. Mei har ôfstudearwurk it kleibad wûn se de Keunstedukaasjepriis fan Akademy Minerva. Yn har artistike praktyk spilet edukaasje in wichtige rol. Se belûkt har publyk by har ferkenningen troch middel fan ynteraktive ynstallaasjes en rituelen. Se stelt fragen by de wize wêrop wy mei de natuer omgong geane. Se makket performances, ynstallaasjes en skilderijen.
Surroundings