Leonard Witte - Sense of Place

Leonard Witte

Leonard Witte is tekenaar en keramist. In protte fan ‘e potten, urnen en oare objekten dy’t er fan klaai makket, krigen earst foarm yn tekeningen. Se foarmje, as it ware, de materiële kultuer fan in wrâld dy’t oars allinnich op papier bestiet.
Sawol foar foarm as tema hellet er ynspiraasje út archeologyske ûntdekkingen en histoaryske bylden. Hy is fassinearre troch it feit dat de wrâld fan ús fiere foarâlden sa ûnfoarstelber oars is as ús eigen. Troch syn wurk ûndersiket er syn relaasje mei in ûnkenber ferline.

Surroundings