Dobbehynders

Dobbehynders is in kuierrûte efter de seedyk by Marrum. De rûte bringt it ferhaal fan de “hynders fan Marrum” -wrâldnijs yn 2006- op subtile wize ta libben yn it lânskip. In echte eachlûker is in reuseftich fotokeunstwurk fan Marcel van Luit, dat midden yn de Oazingadobbe leit. Kultuer, keunst en in bysûndere fertelling; alles falt gear ûnder dizze kuiertocht troch it wûndere moai Noard-Fryslân Bûtendyks.

It ferhaal fan de hynders fan Marrum
Op 31 oktober raast der in swiere stoarm oer it Noarderleech, wêrtroch it bûtendyks gebiet by Marrum der ûnder strûpt. Op dat stuit stean der noch sa’n hûndert fyftich hynders efter de seedyk op de râne fan de Oazingadobbe, ynsletten troch it seewetter. Lang om let slagget it seis amazônes om de keppel -efter harren eigen hynders oan- nei in feilich gebiet te lokjen. De rêdingsaksje sprekt ta de ferbylding en it nijs giet de hiele wrâld oer.

Nei it hynstedrama ûntstiet fan út Doarpsbelang Marrum-Westernijtsjerk de winsk om in kuierrûte oan te lizzen as earbetoan oan de rêdingsaksje. Yn gearwurking mei Sense of Place en it Fryske Gea komt dy rûte der yn 2018.

Permanint keunstwurk yn de hynstedobbe                                                                                                       Hichtepunt fan de kuierrûte is it lizzende fotokeunstwurk midden yn de Oazingadobbe, it plak dêr ’t de hynders yn 2006 ynsletten rekken. De ôfbylding ferbyldet it hynstedrama. It is in keunstúting fan digital artist Marcel van Luit. Hy boartet mei djipte, kontrast en kleur en is tige bedreaun yn it gearmjuksjen fan ferskate bylden ta ien ferheljend gehiel, wêrtroch  de ôfbylding – sels yn dit formaat – hierskerp is en kwa kleurepalet oanslút op it lânskip. It keunstwurk leit op de wetterspegel en beweecht mei op de stân fan it wetter. Men kin it allinne besjen fan de râne fan de dobbe ôf. Op dizze wize bliuwt it oansicht fan it iepen lânskip behâlden. Wa’ t de ôfbylding sjen wol, moat perfoarst de kuierskuon oan lûke!

Praktyske ynformaasje                                                                                                                                                                It startpunt fan de Dobbehynders-rûte leit bûtendyks, flakby it Timpeltsje fan Ids Willemsma. Jo stekke neist it Timpeltsje by de oergong fan de dyk de seedyk oer. Oan de lofterside is de startlokaasje fan de rûte, te werkennen oan de tsientallen hoefizers op de grûn, in keunstwurk fan Machiel Braaksma. De Oazingadobbe sels – mei dêryn it fotokeunstwurk fan Marcel van Luit – leit op in ôfstân fan ûngefear 350 meter  it lân yn.

 

Adres: Oazingaloane 1, Marrum
Lokaasje fan de Oazingadobbe op Google
Maps:
https://goo.gl/maps/fhs7A6sy52rKcSvX8

Tagonklikens
Noard-Fryslân Bûtendyks wurdt beheard troch it Fryske Gea en is mei syn simmerpolders, dobben, wat sâltige gerslannen, slykfjilden en kwelderwurken in wichtich gebiet foar de fûgels. Dêrom is de Dobbehynders-rûte elts jier tusken 15 maart en 15 july sletten.  

Dit projekt is in inisjatyf fan Doarpsbelang Marrum-Westernijtsjerk, it Fryske Gea en Sense of Place. 

It keunstwurk yn de Oazingadobbe waard mei mooglik makke troch: De Versterking, STICHTING SIEBOLT FOUNDATION, Fries Paardenstamboek, Stichting Faderpaarden Gemeente Noardeast Fryslân en ferskate sponsoaren: Wilcovak, Neenah Coldenhove, Chromaluxe en Epson.

De bûtendykse kuierrûte waard mei mooglik makke troch: Het Waddenfonds en de Provinsje Fryslân. 

Locatie: Zeedijk 8 9073 TN Marrum.