Gaia
Sense of Place presintearret Gaia fan Luke Jerram, as ûnderdiel fan it 100-dagen duorjende programma fan Arcadia in 2022.
It wrâldferneamde wurk Gaia wie yn 2022 yn Fryslân. Dit rûn reizgjende keunstwurk fan de Britske keunstner Luke Jerram wie fan maaie oant augustus 2022 op seis lokaasjes yn de provinsje te ûntdekken en te bewûnderjen. Sa koe men de gigantyske wrâldbol sjen yn Frjentsjer, Nes (Noard-East Fryslân), Skylge, De Lemmer, Aldeberkeap en Boalsert. It wurk is nei Fryslân helle op inisjatyf fan Sense of Place en is ûnderbrocht yn it programma fan Arcadia, it ferfolch fan Ljouwert-Fryslân 2018.
“In nij perspektyf op ús plak op ierde”
Gaia is in rûn reizgjend keunstwurk fan de Britske keunstner Luke Jerram. It wie ierder te sjen yn wrâldstêden lykas Londen, Rome, Parys, Melbourne, Shanghai en Washington. Gaia hat in trochsnee fan sân meter en beskikt oer 120 dpi detaillearre NASA-bylden fan it ierdoerflak. It keunstwurk biedt de mooglikheid om ús planeet op dizze skaal te sjen, sweevjend yn trije diminsjes. It wurk jout in nij perspektyf oan ús plak op ierde; in gefoel dat alle minsken op ierde mei elkoar ferbûn binne en dat wy in ferantwurdlikens foar elkoar drage. It lit ús neitinke oer de fraach: op hokker wize gean wy mei de ierde om en wat is ús relaasje mei de natuer? “As immen ferbining mei syn omjouwing en de natuer fielt, dan draachst der ek soarch foar”, ferklearret Wendy Gooren fan Sense of Place, “Dat is no, mear as ea, fan grut belang.”
Luke Jerram
De multydissiplinêre praktyk fan Luke Jerram omfettet it kreëarjen fan skulptueren, ynstallaasjes en live-keunstprojekten. Jerram wennet yn it FK , mar wurket ynternasjonaal sûnt 1997 en hat in tal bûtengewoane keunstprojekten kreëarre dy’t minsken oer de hiele wrâld entûsjasmeard en ynspirearre hawwe. Mei mear as 600 útstallings yn 44 lannen, hat hy mear as 25 jier ûnderfining yn it kreëarjen fan suksesfolle keunstwurken.
Gaia wurdt mei mooglik makke troch Arcadia, Oeral Terschelling, Theaterkerk Nes, gemeente Noardeast Fryslân, Martinikerk Franeker, gemeente Waadhoeke, Campagnebureau BKB, gemeente Ooststellingwerf, Stichting Open Stal, Wetterskip Fryslân, Ir. D. F. Woudagemaal, gemeente De Fryske Marren en Cultuurhistorisch Centrum De tiid.
Gaia is created in partnership with the Natural Environment Research Council (NERC), Bluedot and the UK Association for Science and Discovery Centres. With supporting partners Culture Liverpool and Liverpool Cathedral.
Locatie: Broereplein 9 8701 JC Bolsward.