Kerend Tij: Waddenkelder
Yn april 2018 trape Sense of Place ôf mei Kearend Tij, twa útstallings yn Ljouwert. Yn it Aegongebou mei Wetterpanorama en yn de Kânselarij mei Waadkelder.
Yn de Waadkelder kinsto dy ferrasse litte troch de dynamyk fan it tij: op dyn bleate fuotten yn it sân ûnderfynst de syklus fan eb en floed en dat alles yn ien minút. In oade oan de Waadsee: slinken, sânbanken,it Waad, strannen en dunen. In dynamysk lânskip, altiten yn beweging. Unyk yn de wrâld en fan 2009 ôf UNESCO wrâlderfguod.
De Waadsee is altyd troch de minske beynfloede. Places of Hope is in prachtich poadium foar de ynnovative Sense of Place projekten. Sy makken it mooglik de dynamyk fan de Waadsee en har skientme en poëzy noch yntinser te belibjen. De projekten ha respekt foar kultuer en natuer en fertelle it ferhaal fan de lokaasje en it lânskip. Sy jouwe it plak dêrmei ekstra oanlûkingskrêft en betsjutting: a Sense of Place.
Yn de Waadkelder rekket men trochkrongen fan de kwetsberens, de skientme en it unike karakter fan it waadlânskip dat altiten yn beweging is.
Oer Bruno Doedens
Bruno Doedens (1959) studearre oan de Akademy fan Boukeunst te Amsterdam, spesjalisaasje Lânskipsarsjitektuer. Yn 1990 wint hy de basispriis Prix de Rome – Lânskipsarsjitektuer. Yn 1993 rjochtet hy mei Maike van Stiphout it buro DS op dat de ynternasjonale priisfraach foar twa parken op de Potzdammer Platz yn Berlyn wint. Beide parken binne realisearre. Yn 2005 giet Doedens selsstandich fierder, sûnt 2007 û.o. as inisjator en artistyk lieder fan Slem. By al syn projekten stiet neist deskundichheid en ambacht de ferbylding sintraal. De fassinaasje om ”it ûnmooglike wier te meitsjen” oars sein “om fan wetter wyn te meitsjen” én de oandacht foar de langere termyn en de sosjale en kulturele wearden, slaan foar master op. Foar mear ynformaasje: Bruno Doedens
Dit projekt waard mei mooglik makke troch it Programma naar een Rijke Waddenzee, gemeente Ljouwert en Leeuwarden-Fryslân 2018.
Locatie: Turfmarkt 11 8911 KS Leeuwarden.