Off Season Art Gardening

Off Season Art Gardening wie in projekt fan 32 moannen mei as haaddoel om keunstners út Nederlân, Sweden en Litouwen op it mêd fan land art, lânskipsarsjitektuer en túnûntwerp te ferbinen mei publyk yn stedske en lanlike mienskippen. Dit mei it doel ynterkulturele kompetinsje te ûntwikkeljen en grutskalige site-spesifike landart-ynstallaasjes te ymplemintearen yn iepenbiere romte yn Sweden, Litouwen en Nederlân. It proses frege om partisipaasje en ko-kreaasje fan de omjouwing en bea in platfoarm foar refleksje op de relaasje fan boargers mei de lokale mienskip en it lânskip.

Seis keunstners (twa út elts lân) wurken gear mei de Universiteit fan Skovde (Sweden) en lokale ûndersteuningspartners oan de útfiering fan it projekt. Sy wurken transnasjonaal om in tal landart-ynstallaasjes te ûntwikkeljen yn gearwurking mei it lokale kulturele publyk. Lêstneamde waard útdage om har by de produksje en de tastânkomming fan de ynstallaasjes oan te sluten fia ferskate ynteraktive workshops en de derby hearrende publike en edukative aktiviteiten.

Off Season Art Gardening op Oerol Skylge
De ôftraap fan it projekt fûn plak fan 17 oant en mei 21 juny 2019 op Oeral ûnder lieding fan Alex van de Beld. Keunstners Vaidas Ramoška, Andrius Janulis, Cora Bosch- de Groot, Jack Visser, Ulrika Jansson & Jonas Liveröd ( út Sweden, Litouwen en Fryslân) wurken op lokaasje oan in driuwende tún foar de kust fan West- Skylge.
Sjoch hjir in film oer het proces.

Off Season Art Gardening yn Mariestad
Fan 9 septimber oant en mei 13 septimber  fersoargen ús partners yn de gemeente Mariestad in Artist Residence Programme (foar keunstners) en in Study Visit (foar kulturele ûndersteuningspartners). De keunstners gongen dêr ûnder mear oan de slach mei de ferneamde Sweedske túnarsjitekt Simon Irvine.

Off Season Art Gardening online folge troch partners yn Litouwen
Yn april 2021 waard Off Season Art Gardening  ôfsluten. Spitigernôch wie it troch COVID-19 net mooglik om op lokaasje yn Litouwen te wurkjen. Dêrom organisearren ús partners dêr in online wike foar keunstners. It tema fan de wike wie: Sound in nature. Binnen dit tema waarden workshops jûn en mochten keunstners oan’ e slach mei harren idee foar landart yn Litouwen. Lês mear oer de ûnderfining fan de belutsen Nederlânske keunstners.

Dit projekt wie in gearwurking tusken de gemeente Mariestad, de Universiteit fan Skövde, de gemeente Ukmergé en Sense of Place en waard mei mooglik makke troch in bydrage fan it programma “ Creatief Europa”.

Locatie: West-Terschelling.