Soundings
It lân efter de Waadkust yn Grins is in gebiet dat ûntstien is troch it spul tusken minske en see. Yn it kweldergebiet spielt eltse dei nije klaai oan en waakst it lân oan. Tagelyks bemasteret de see kear op kear it yndykte lân wer. Op dizze wize ûnstie it typyske wier- en terpenlânskip. Dit is it gebiet dêr ‘t Nederlân makke is. In gebiet dat dij eat fertelle wol.
Om dizze unike skaaimerken en skientme fan dit waadlânskip oan it publyk te toanen hat Joop Mulder yn 2020 trije renommearre keunstners frege in keunstprojekt te ûntwikkeljen: Robert Wilson, Theun Mosk en Andreas Hirsch.
Mei Soundings wolle wy dij meinimme op ûntdekkingsreis troch it Grinzer Waadlânskip. Troch hieltiten wer nije diken te bouwen hawwe boeren hjir generaasjes lang lân bemastere op de see. Yn de rin fan hûnderten jierren is sa in unyk en ûnbidich grut lânskip ûntstien mei in nijsgjirrige, sawat letterlike skientme. In tige grut en leech lânskip dêr’t men stil fan wurdt as men der midden yn stiet.
Soundings is in projekt dat de ferbining tusken Stêd en Ommelannen fersterket. It kombinearret in 75 km fytsrûte mei ynstallaasjes fan ynternasjonale renommearre en lokale (begjinnende) keunstners yn it lânskip en in ynstallaasje yn de A-tsjerke, yn gearwurking mei it Grinzer Museum. Eltse ynstallaasje fergruttet dyn waarnimming en fersterket de lûden út it gebiet troch de oare sensaasjes fuort te nimmen. It jout de kâns om stil te stean, nei te tinken, te dreamen en grutsk te wêzen op wat der is en dy in foarstelling te meitsjen fan wat de takomst bringe sil.
Locatie: Hoofdstraat 83 9968 AB Pieterburen.