Terp fan de Takomst

Terpen binne wichtige ferskynsels yn it Fryske lânskip. Sy sprekke ta de ferbylding as it giet om de skiednis, sy roppe fragen op as it giet om  de archeology en it binne ynspiraasjeboarnen foar keunst, kultuer en takomstige ûntwikkelingen.

Al langere tiid dreame ferskate minsken oer it ûntwikkeljen fan de Terp fan de Takomst. In nije bûtendykse terp, dy ’t de mooglikheid biedt ta ûnderwiis en ûndersyk, ta histoarisearjen, om dêr nije en âlde sâlte teelten út te probearjen, ta konsertearjen, dêr yn stilte te wêzen en om de ferbylding sprekke te litten.

It doarp Blije hat it inisjatyf naam om dizze Terp fan de Takomst, in dreambyld, echt wier te meitsjen. It doarp, dat harsels sterk mei it Waad ferbûn fielt, stelt yn har doarpsfyzje: “Wy wolle wer mei it  gesicht nei de Waadsee wenje, libje en wurkje.” Sintraal  yn dy fyzje stiet it idee om bûtendyks, op de hichte fan Blije, in nije terp te bouwen. Men wol in nij belibbingsplak kreëarje mei as doel: minsken nei it doarp en de Waadkust te lûken, om âlde ferhalen te fertellen en nije ferhalen te betinken.

Doarpsbelang Blije, It Fryske Gea, it Terpensintrum (RUG) en Sense of Place hawwe besluten om oangeande de Terp fan de Takomst in gearwurking oan te gean. Hja hawwe in projektgroep foarme om dizze dream te realisearjen.

It ûntwerp

It ûntwerp foar de Terp fan de Takomst is fan Observatorium. It is makke as in “keunstwurk” dat yn eltse fase fan it groeiproses ta de ferbylding sprekt en yn eltse fase in bestimming is foar bewenners en besikers; in Waaksjende Terp.

Terpen feroaren troch de tiid hinne fan smel (5 meter) en leech (1 meter) nei breed en heech (oant wol 10 meter). Fan in terp mei mar 1 hûs nei in útbuorren mei in tsjerkje. Dit proses, fan steapeljen, laach op laach, wol it Observatorium mei de Waaksjende Terp de besikers ûnderfine litte. Yn de rin fan jierren sil de terp langsum, mar wis, waaksje nei syn dreamd einbyld.

Petear fan de Takomst

De Terp fan de Takomst ie sneon 16 july 2022 iepene troch Waadferieningsdirekteur Lutz Jacobi en Shantykoar De Slykstappers. As ûnderdiel fan de de feestlike iepeningsdei organisearre Sense of Place it Petear fan de Takomst yn de St. Nicolaastsjerke yn Blije. Ûnder lieding fan de sjoernalist Tracy Metz gienen Harry Feenstra, inisjator fan de Terp fan de Takomst en ynwenner fan Blije, Eveline de Smalen (Kurator Werelderfgoedcentrum Waddenzee) en Eeefke van der Wouw (miljeu- en minskerjochten ambassadeur) mei elkoar yn petear oer klimaatferoarings en de konsekwinsjes derfan foar it Waadgebiet. Keustner en ûntwerper fan de Terp fan de Takomst Ruud Reutelingsperger fersoarge in passende iepening, folge troch in foardracht fan sjoernalist Kirsten van Santen. Rom 50 minsken wienen tsjûge fan dit boeiende en tige nuttige petear.

Wolle Jo de bydragen fan Ruud Reutelingsperger en Kirsten van Santen noch ris rêstich werom lêze? Klik dan hjir om de teksten te downloaden.

Suksesfolle gearwurking  

Dit  projekt is in gearwurking fan de feriening fan Doarpsbelang Blije e.o. en de ynwenners fan Blije mei Sense of Place, it Fryske Gea en it kollektyf Observatorium út Rotterdam. Troch de finansjele stipe fan it Waadfûns, it Mondriaanfonds, it Prins Bernhard Cultuurfonds/Fonds Laboratoria, it BPD Cultuurfonds, de provinsje Fryslân en de gemeente Noardeast Fryslân is de realisaasje mooglik makke.

Lokaasje: Blije
Rûtebeskriuwing: Nim de Unemaloane en sla oan de ein lofts ôf. Dêrnei rjochts de Seedyk oer.    

 

Locatie: 9151 Blije.