We wolle ús klaai werom

Mei it evenemint “Wy wolle ús klaai werom” waard de oandacht op in fergetten skiednis festige: ea leinen der sawat tûzend terpen yn Fryslân fol mei fruchtbere klaai. Geandewei waarden sy ôfgroeven om earmere grûn te ferrykjen. Wêr is dy klaai fan ús eigentlik bleaun? Op 17 novimber wolle de ynwenners fan Blije harren klaai wer werombringe om in lang koestere dream wier te meitsjen. Om sa stikje by bytsje foarm te jaan oan in bûtendyks moetingsplak: ”De Terp fan de Takomst”.

Ut it besikerssintrum Terp Hegebeintum wei gie in optocht mei hynder en wein, begelied troch muzyk, mei klaai nei de dyk. Under de optocht ûntbleaten ynwenners fan Hegebeintum en Blije njoggen lânmerken, dy’t mei elkoar de “Rûte Fan Histoaryske Terp nei Terp fan de Takomst” foarmje en it ferhaal fertelle fan de doarpen en harren omjouwing.

Sa’n histoarysk momint freget natuerlik om in feest! Werom yn Blije waard de optocht troch Brassband Wurdum ferwolkomme mei de Waadkomposysje. In stik dat yn gearwurking mei Never Ending Orchestra spesjaal foar Sense of Place komponearre is. Nei in feestmiel fan Waadpotiten wie it tiid om te feesten mei sjonger Joop Obama.

Lokaasje: Hegebeintum en Blije
Datum:
hat west

Dit barren wie in ûnderdiel  fan Libje ûnder oan de dyk. In sjarmant programma fan Sense of Place, yn gearwurking mei Feriening foar Doarpsbelang Blije e.o. en de ynwenners fan Blije. Mei mooglik makke troch LF2018 en it Waddenfonds.

Link nei een heel mooi filmke!

Locatie: Blije.