Nienke Brokke

It byldzjend wurk fan keunstner Nienke Brokke hat altyd in ferheljend elemint. De stúdzje teaterûntwerp oan de Rietveld Akademy hat dêrta bydroegen. Lykas yn it teater altyd in ‘gesamtkunstwerk’ is, wurket Nienke graach mei meardere keunstdissiplines dy’t mei-inoar in gehiel foarmje. Fanwege dizze fertelkant ûntwerpt Nienke Brokke njonken lânkunst en teaterdekoren edukative projekten. Se is goed yn it ferbinen fan ynhâld mei in keunstdissipline. It lânkunstprojekt ‘Dijk van een Wijf’ wie yn 1997 har ôfstudearprojekt oan de Rietveld Akademy.