Theun Mosk

Theun Mosk is hikke en tein yn it noarden fan Fryslân. It Waadlânskip hat him foarme en makket diel út fan wa’t er is. Yn 2003 wie hy ien fan de jonge keunstners dy’t in workshop folge yn The Watermill Center. As resint ôfstudearre oan de Rietveld Akademy kaam er yn ‘e kunde mei de wurkwize fan Robert Wilson. Mosk stiet bekend om syn teaterpoadiums en eksposysjeûntwerp. Hy wurket ek as autonome keunstner. Yn 2008 makke er op útnoeging fan doetiidske Oerol-regisseur Joop Mulder de niisneamde foarstelling Walking, mei Robert Wilson en teatermakker Boukje Schweigman. Mei Walking as ynspiraasje wurket Mosk no wer mei Wilson oan in rûte dy’t de sintúchlike waarnimming fan it lânskip fersterket.